Foeke Booy twa jier langer technysk manager by Cambuur

03 jun 2021 - 15:04

Foeke Booy is ek de kommende twa jier technysk manager by Sportklup Cambuur. Nei trainer Henk de Jong en in grut diel fan de technyske stêf hat ek hy in nij kontrakt tekene.

Foeke Booy yn it midden, mei njonken him Ard de Graaf en Gerald van den Belt - Foto: Orange Pictures

"Het zijn sinds mijn terugkeer bij de club bijzondere jaren geweest met diepe dalen, maar gelukkig vooral ook hele hoge pieken", seit Booy.

It hichtepunt wie de promoasje nei de earedifyzje en it kampioenskip yn de earste difyzje, ôfrûne seizoen. "Dat hebben we als team gedaan en met die goede groep mensen wil ik heel graag doorbouwen richting de eredivisie en het nieuwe stadion."

Earder al spiler by Cambuur

De 59-jierrige Booy kaam ein 2017 yn tsjinst by de Ljouwerters. Yn de jierren 80 wie er ek aktyf as spiler by Cambuur. Letter spile er ûnder oare noch by Club Brugge yn België en by FC Utrecht.

By dy lêste klup begûn er ek as trainer, nei't er ophold as spiler. By Utrecht hat er ek technysk direkteur west.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Foeke Booy
(Advertinsje)
(Advertinsje)