Finansjele stipe foar ferieningslibben Noardeast-Fryslân

Kulturele ynstellingen, sportferieningen en frijwilligersorganisaasjes op it gebiet fan jongerein, dy't skea hawwe troch de coronamaatregels, krije op 'e nij finansjele stipe fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
© Pixabay
De regeling is in ferfolch op in eardere regeling wêrby't kompensaasje oanfrege wurde koe foar 2020. Nij is no dat ek sportferieningen in bydrage oanfreegje kinne.
Yn dizze nije regeling kin kompensaasje oanfrege wurde foar skea dy't ûntstien is yn de perioade fan 1 jannewaris oant 1 july 2021. De subsydzje moat foar 1 oktober 2021 oanfrege wurde.

Maksimaal 15.000 euro

Foar de kulturele sektor is yn totaal 150.000 euro beskikber. Kulturele ynstellingen kinne foar maksimaal 15.000 euro in oanfraach dwaan.
Alle sportferieningen mei minder as 100 leden kinne 500 euro subsydzje krije. De ferieningen mei mear leden kinne in oanfraach dwaan foar maksimaal 750 euro. By in tal sportferieningen waard earder de hier frijskat foar de perioade dat net sport wurde koe.