Triennen fan freugde en fertriet nei beslút oer Sealen Schaaf yn Ljouwert

Ferbjustering by winners en ferliezers yn de striid om stedsteäter Sealen Schaaf yn Ljouwert; tsjin de ferwachtingen yn keas de gemeenteried woansdeitejûn foar it takomstplan-Agora.
Reaksjes op beslút oer Sealen Schaaf yn Ljouwert
Al skoften is de gemeente Ljouwert dermei oan de gong om in takomstplan foar Schaaf te meitsjen. Dat plan waard opset as in wedstriid: partijen mochten mei plannen komme.
Uteinlik rôlen der trije takomstsenario's út. In faksjuery makke in skoftsje lyn in kar. Dêr moast de ried in klap op jaan. En dêr fleach de hiele saak út de bocht. Want it plan dat troch de faksjuery op plak ien set wie, krige gjin mearderheid fan de ried. De ried keas foar it takomstplan dat de faksjuery op it tredde plak set hie.
Hiel fertrietlik dat it sa rint foar Schaaf.
Bobby Veenstra
"Dit hie ik net ferwachte. Ik haw wer wat leard oer de polityk. It rint dochs oars as tinkst." Dat seit Bobby Veenstra waans plan ôfwiisd waard. Hy woe de grutte seal behâlde foar muzyk en langrinnende musical- en teäterproduksjes, plus ek noch in filmstudio en in muzykskoalle derby.
Dêrnei hâldt er it net langer en komme by him de triennen, want dit rekket him djip. Veenstra is de tsjintwurdige, tydlike eksploitant fan Schaaf en moat der no út. "Hiel fertrietlik dat it sa rint foar Schaaf. Wy moatte sjen hoe't wy dit goed ôfwikkelje."
Ik leau it noch altyd net, mar it is echt.
Annemarie Lindeboom
Annemarie Lindeboom fan it plan-Agora hie ek triennen, mar dan fan blydskip. "Ik leau it noch altyd net, mar it is echt. Wy folgen de gearkomste net iens, omdat we tochten dat wy it dochs net wurde soene."
De winners hoopje nei de simmerfakânsje begjinne te kinnen mei de útfiering fan de plannen foar de ferbouwing fan it op ien nei âldste teäter fan Nederlân. De grutte seal bliuwt behâlden yn it plan-Agora. 'In nij haadstik mei ek romte foar nije generaasjes', sa omskriuwt Lindeboom it.
© Sybrand Grasdijk, Omrop Fryslân

Turfmarkt lit it derby

Untwikkelingsmaatskippij Turfmarkt is fernuvere oer de gong fan saken. Harren plan wie om apparteminten yn it gebou te bouwen en de grutte seal smeller te meitsjen troch nije ateliers en wurkromtes oan de sydkanten. Dat plan wie ek gjin mearderheid yn de ried fan Ljouwert foar. "Wij willen ons geen slecht verliezer tonen, maar het verbaast ons wel. Een vakjury heeft bepaald dat wij de nummer 1 zijn", seit Erik Schot fan Turfmarkt.

"Emoasje jout de trochslach"

Neffens Schot is it apart dat de spulregels feroarje as minsken net bliid binne mei de útkomst. "Dan merk je dat de emotie het heeft gewonnen van het verstand. Uiteindelijk is dat het politieke spel. Zo werkt het. Daarom laten we het erbij. Stappen ondernemen doen we niet. Dan komen er nog meer emoties los."
Wat is it plan-Agora krekt?
Dit plan wol fan Sealen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje It draait om fiif saken: eksperimint, ûndernimme, leare, minge en presintearje. De seal kin brûkt wurde foar eveneminten, teäter, fergaderingen, debat en moat bewenners fan de wyk in plak jaan foar aktiviteiten.
Fierders moat it plak jaan oan kreätive makkers en begjinnende bedriuwkes. Belutsen by dit plan binne Jaap Hoekstra Vastgoed & Mydomo b.v. (mooglike keapers) en Annemarie Lindeboom, Liselot Jaspers en Jan Gaastra (mooglike eksploitanten).