Omrop TIP: NNO bringt it Pieter Roelf Jeugdkonsert

03 jun 2021 - 12:14

Op tongersdei 3 juny spilet it Noord Nederlands Orkest it Pieter Roelf Jeugdkonsert 'Spring yn it Orkest'. It konsert wie middeis live te sjen, mar wurdt nochris útstjoerd by Omrop Fryslân op tv op tongersdei om 20:15 oere.

Foto: NNO

Hosts Freek en Eric nimme besikers mei yn in twirjende muzikale ûnderfining. Yn dizze spesjale konsertedysje fan 'Spring yn it Orkest' komme de learlingen yn 45 minuten yn 'e kunde mei it NNO en har musisy. Fuotsjes fan 'e flier, drummen op 'e bûk , it stampen op de beat: it mei allegearre, graach sels!

Opdrachten

Freek en Eric jouwe alderlei aardige opdrachten dy 't de learlingen sels yn de klasse of thús dwaan kinne. Troch middel fan de Young Person's Guide to the Orchestra fan Benjamin Britten, geane sy alle ynstrumintgroepen by lâns. Sy litte sjen hoe 't de ynstruminten wurkje, fertelle grappige anekdoaten en litte fansels de moaiste muzyk hearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)