Strontrace giet dit jier foarearst troch: "Wy tinke dat it feilich kin"

De organisaasje fan de Strontrace en alle byhearrende aktiviteiten giet derfan út dat it evenemint dit jier holden wurde kin. Hoewol't in definityf beslút pas yn augustus naam wurdt, binne de tariedingen yntusken begûn.
Sterke Jerke strontrace skûtsje © Omrop Fryslân, Afke Boven
It giet om de tarieding fan de syltocht mei tradisjonele skippen út Warkum wei, mar bygelyks ek om it muzykfestival Liereliet en in grutte merk. It evenemint stiet foar de hjerstfakânsje yn oktober op it programma.
"De measte aktiviteiten sille bûtendoar wêze en we hoopje dat de measte minsken tsjin dy tiid yninte binne", seit de organisaasje. "Mei de nedige oanpassingen en de meiwurking fan dielnimmers en taskôgers tinke wy dat it feilich kin."
Ferline jier koe de Strontrace fanwege de corona-útbraak net trochgean.

Reid de Jong

It sil de earste edysje wurde sûnder Reid de Jong, de betinker en grûnlizzer fan de Strontrace dy't ferline jier ferstoar. "Mar fan boppen ôf sil er tefreden yn syn burd bromme en as in weardich ferfanger op lûde toan syn 'En nou oprotten' troch de haven klinke litte sil", seit de organisaasje.