Fryslân hat der in iepenloftspul by: Foarstelling Suwâld moat bûtendoar

03 jun 2021 - 10:40

Fryslân hat der dizze simmer in ekstra iepenloftspul by. Yn Suwâld wiene plannen foar in foarstelling yn in monumintale boerepleats. Om genôch romte foar besikers te hawwen, wurdt de foarstelling no nei bûtendoar ferpleatst.

Foto: Shutterstock.com / Melanie Lemahieu

De toanielferiening yn Suwâld sil it stik 'Op hoop fan segen' opfiere. "Der binne wol wat oanpassingen nedich om alles geskikt te meitsjen foar bûtendoar", seit Jan Visser fan de feriening.

"Alles moat wat grutter en it stik moat ek wat oanpast wurde om alles ta syn rjocht komme te litten. We ferwachtsje wol dat it in hiel moaie, yntime foarstelling wurdt, op oardel meter fansels", seit Visser.

De foarstellingen begjinne yn it wykein fan 17 septimber.

Jan Visser fan de toanielferiening yn Suwâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)