Manlju ride hurder as 130 km/o troch Ljouwert: rydbewizen ynnaam

03 jun 2021 - 10:08

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn de rydbewizen fan twa manlju ynnaam. In ynwenner fan de gemeente Weststellingwerf en in ynwenner fan de gemeente Enschede rieden mei mear as 130 kilometer yn de oere oer de Harnzerstrjitwei.

Foto: ANP Foto

De 31-jierrige ynwenner fan Weststellingwerf waard om likernôch 19.00 oere trappearre. Hy siet 55 kilometer yn de oere boppe de tastiene limyt fan 80 kilometer yn de oere.

In oere letter wie it wer raak foar de Ljouwerter plysje. De 33-jierrige ynwenner fan Enschede ried mei 134 kilometer yn de oere krekt wat stadiger, mar ek dat wie fierstente fluch.

De plysje hat de rydbewizen fan beide manlju ynnaam en hat yn beide gefallen in proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje rydbewizen
(Advertinsje)
(Advertinsje)