Strange kontrôles yn Ljouwerter Prinsetún nei ynsidinten

By de Ljouwerter Prinsetún wiene woansdeitejûn strange kontrôles. Sûnt de ynsidinten earder dizze wike binne der maatregels naam by de yngong fan it stedspark.
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Elkenien dy't nei binnen wol, wurdt strang kontrolearre. Boppedat binne der buorden mei de regels pleatst. Der mei gjin drank mei nei binnen en fytse is ferbean. De gemeente hat hanthavening ynset, mar wol set sizze op hokker skaal.
Moandei wie der in fjochtpartij en tiisdei waard in famke mishannele. Foar beide ynsidinten moast de plysje mei in soad minsken yn aksje komme.

Maatregels nei Keningsdei

Der wiene al maatregels nommen nei Keningsdei doe't it neffens de gemeente te drok wie yn de Prinsetún. Der binne tydlike stekken om it park hinne net en besikers moatte de ynhâld fan harren tassen sjen litte oan befeiligers.
"Dat is prima hoor. Ik heb toch geen drank bij me, alleen maar wat te eten. De Prinsentuin is belangrijk voor ons, hier komen we als vriendinnen bij elkaar", seit in studinte.
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Efkes fierderop hat in groep jonges in soad wille mei in soad drank. ''Prima hoor die controle, maar wij nemen het bier mee op de boot." Se hawwe tiisdei sjoen hoe't in famke mei in glês slein waard en nei it sikehûs brocht waard. "Dat was wel even schrikken hoor. Zoiets mag eigenlijk niet gebeuren, maar het verbaast me niks. Er is hier veel agressie, wapens en drank", fertelt ien fan de groep.
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Frou Van der Weide fan Koudum leit mei har boat yn de Prinsetún. Se hat har sylskip hûndert meter ferpleatst. "Der wie tefolle leven fan de hurde muzyk. Mar ik begryp it wol, al dy studinten dy't mei dit moaie waar harren keammerkes út wolle."
Sels bliuwt se mar ien dei. Se fart troch nei Burdaard, "Dêr is it lekker rêstich." In oare boattoerist fynt it wol gesellich mei al dy jongeren. "Ik gun ze het plezier van harte. Als ze na afloop alles maar zouden opruimen. Dat gebeurt vaak niet en dan word je de volgende dag wakker in een puinzooi."