ONE-Dyas wol gas boarje boppe Skier, mar wa sitte der eins efter it bedriuw?

03 jun 2021 - 07:00

Der is gjin draachflak foar op Skiermûntseach, mar dochs wurdt der mooglik nei gas boarre op 20 kilometer ôfstân fan it eilân. Wylst de rop om duorsume enerzjy tanimt, sjocht it bedriuw ONE-Dyas takomst yn gaswinning. Wêrom? Wa sitte derefter?

Foto: ANP

Omrop Fryslân en RTV Noord hawwe tegearre in antwurd socht op de fraach hokker spiler oft ONE-Dyas is as it giet om gaswinning.

ONE-Dyas B.V. is in bedriuw dat ûntstien is út in fúzje fan Oranje Nassau Energie en de oalje- en gasdifyzje fan famyljebedriuw SHV. It bedriuw is mei in wrâldwide gas- en oaljeproduksje fan 35.000 fetten deis in promininte spiler.

Foar de fúzje binne beide bedriuwen al in skoft aktyf. Sa speurt Oranje Nassau Energie de Noardsee ôf op syk nei gas en oalje. It giet dan om lytse fjilden yn it Nederlânske, Britske, Noarske en Dútske part dy't de grutte spilers lizze litte. Sa is der lêsten noch boarre yn see by de Maasvlakte by Rotterdam en no dus ek by Skiermûntseach.

Gasfjilden ferantwurde ûntwikkelje

ONE-Dyas is yntusken it grutste partikuliere Nederlânske eksploitaasje- en produksjebedriuw. Yn tsjinstelling ta de NAM mei Shell en Exxon-Mobil as grutste oandielhâlders, is ONE-Dyas yn hannen fan private oandielhâlders: 51 persint is fan ONH B.V. en 49 persint fan SHV Nederland B.V.

Eigeners ONE-Dyas

It bedriuw SHV is foar in grut part fan de smoarrike ûndernimmersfamylje Fentener Van Vlissingen. Sy hawwe 49 persint fan de oandielen fan ONE-Dyas yn hannen. De mearderheid fan it oalje- en gaswinningsbedriuw is fan ONE. Dat is fan de ûndernimmers Marcel van Poecke en Jan Onderdijk.

Ek âld-bankier Rijkman Groenink hat in belang yn dat bedriuw. Neffens de Quote 500 krigen de ûndernimmers ferline jier 22,4 miljoen euro útkeard oan dividint út de opbringsten fan de oalje- en gasboarringen.

ONE-Dyas seit op in ferantwurde wize te wurkjen. "De opgebouwde kennis en ervaring van het gebied gebruikt ONE-Dyas om kleine velden op de Noordzee veilig en verantwoord te ontwikkelen, om zo een nuttige en noodzakelijke bijdrage te leveren aan de vraag naar energie", seit wurdfierder Corine Toussaint.

De gaswinning yn de Noardsee is neffens ONE-Dyas net te fergelykjen mei it Grinzer gasfjild. "Het volume in het Groninger veld is veel en veel groter. Ook is de ondergrond anders. Het is een totaal ander project ook qua impact", seit Toussaint.

Wêrom de Noardsee?

Hieltyd mear spilers lykas Shell nimme ôfskied fan operaasjes yn de Noardsee. Dat dogge se om't der gjin grutte fjilden mear binne en de gasfraach ôfnimt.

ONE-Dyas sjocht al in merk, seit Toussaint: "In de energietransitie heeft Nederland nog steeds aardgas nodig. Nederlands aardgas heeft veel voordelen ten opzichte van het importeren van aardgas uit het buitenland. "

It betsjut neffens it konsern ek dat der minder útstjit fan CO2 is. Gas hoecht net mear út oare lannen wei transportearre te wurden. "Het is te vergelijken met een pakket uit het buitenland. Daar heb je te maken met de vervuiling van het transport."

Greenpeace fierder earder aksje tsjin de proefboarring - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

ONE-Dyas wol op in duorsume wize wurkje. Sa kriget it boareilân elektrisiteit oanlevere fan in wynpark út de buert. "Het wordt daarmee het eerste offshoregasbehandelingsplatform in de Noordzee dat volledig draait op windenergie."

Wjerstân

Se witte it moai te ferkeapjen, sa sizze beswiermakkers. Der is dan ek ferset tsjin de plannen. Yn 2018 besetten aksjefierders fan Greenpeace in boareilân om te protestearjen tsjin in proefboarring. Eilânbewenners fan Skiermûntseach protestearren ek geregeld en de gemeente is ek bot op de boarringen boppe Skier tsjin.

Natuerorganisaasjes lykas de Waadferiening en it Wereld Natuur Fonds hawwe in sjochwize yntsjinne tsjin de gaswinning. De gemeente Skiermûntseach, de provinsje Grinslân en tal fan eilânbewenners hawwe dat ek dien.

Nettsjinsteande de beswieren, is de syktocht trochgien en is der in soad gas fûn. It fjild krige de namme Ruby, oftewol robyn. De fynst wie grutter as ferwachte. Dat is neffens ONE-Dyas de reden dat aktyf wêze op de Noardsee leanjend is.

"Sinds 2018 is ONE-Dyas in gesprek met een groot aantal partijen, waaronder ook de nabijgelegen gemeenten Schiermonnikoog, Het Hogeland en Borkum, om hen tijdig en transparant te informeren over het project", seit Toussaint.

De fragen, soargen en suggestjes binne meinaam yn it miljeu-effektrapport. Dêryn wurdt sjoen nei de effekten op de natuer.

Grutte soargen oer loazen ôffalwetter

It bedriuw seit neffens de regels te wurkjen. Dochs binne der grutte soargen oer it loazen fan ôffalwetter dat nedich is foar de boarring. As de winning trochgiet, wurde tûzenen liters ôffalwetter mei skealike stoffen yn see rinne litten.

Neffens de wet mei dat, mar tsjinstanners fine it ûnakseptabel. "Bij de emissies naar water zijn er op dit moment twee mogelijkheden: afvoeren naar land of lozen op zee. Uit de Milieu Effect Rapportage blijkt dat afvoeren naar land belastender voor het milieu is. Daarom is er gekozen voor het lozen op zee. Dit geeft geen significante effecten op de natuur, in geen enkele fase van het project", sa seit Toussaint.

Spanningsfjild

By it Noardseekongres, yn april, mei wittenskippers, natuerorganisaasjes, bedriuwslibben en beliedsmakkers, waard dúdlik hoe dreech oft it is de balâns te finen tusken it ferlet oan grûnstoffen en it belang fan 'e natuer.

Foto: ANP

Stichting De Noordzee moast ek tajaan dat gas út de Noardsee skjinner is as ymportearre gas. Al moat it ferantwurde wûn wurde. De eangst foar skea oan de natuer is grut by de natuerorganisaasjes.

ONE-Dyas sjocht dat oars. In platfoarm kin helpe by de ûntwikkeling fan it ûnderwetterlibben. "Vijfhonderd meter rondom een boorplatform mag geen andere activiteit plaatsvinden. Daardoor kan het mariene leven zich ongestoord ontwikkelen", leit Toussaint út.

Oft ONE-Dyas in fergunning kriget foar de winning, moat noch bliken dwaan. Dy oanfraach rint noch. Oant en mei tongersdei kinne der sjochwizen yntsjinne wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)