Motorrider (41) ferstoarn nei ûngelok by Tsjom

By in ûngelok op de Frjentsjerterdyk by Tsjom is woansdeitejûn krekt nei alve oere in motorrider om it libben kaam. De 41-jierrige man út Súdwest-Fryslân kaam troch in ûnbekende oarsaak njonken de dyk en kaam fia in hage yn in tún telâne.
© CAMJO Media
Twa ambulânsen en in traumahelikopter waarden oproppen, mar al gau die bliken dat help te let kaam.
De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.