Ferrassende kar foar Agora 'gemaakt voor de mensen uit de buurt'

02 jun 2021 - 22:46

Troch in draai fan trije partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert woansdeitejûn, kaam it plan 'Agora' as winner út de striid om de takomst fan sealesintrum Zalen Schaaf. En wylst dy partijen dêr sa harren redenen foar ha, binne de druven soer by foarstanners fan it plan Schaaf Blijft.

Foto: Sybrand Grasdijk, Omrop Fryslân

De PvdA wie altyd al foarstanner fan it plan fan Agora. Hoewol't de partij Schaaf Blijft as twadde kar hie, is der blydskip oer de kar foar Agora lit fraksjefoarsitter Mirka Antolovic witte: "De PvdA heeft zich altijd sterk gemaakt voor het behouden van Zalen Schaaf en is altijd tegen de sloop geweest. Het plan Agora zien wij als een waardevolle nieuwe invulling die laagdrempelig is voor een grote variëteit aan bezoekers."

ChristenUnie en D66 foar Agora

Twa partijen dy't draaiden mei harren stim foar Agora, wiene de ChristenUnie en D66. In kar foar de minsken út de buert, sa sei CU-riedslid Frits Rijpma.

Dat wie ek de gedachte fan D66-fraksjefoarsitter Julie Bruijnincx: "We hebben er wel even over na moeten denken, maar hebben eieren voor ons geld gekozen toen duidelijk werd dat onze eerste keus niet doorging. De buurt had als tweede keus het plan van Agora, en we hebben dit voor de buurt gedaan. Hoe sympathiek het plan van Schaaf in Beweging ook was."

FNP ferbjustere

Lijst058 en de FNP wiene woansdeitejûn ferbjustere troch de draai fan ferskate partijen. Jan Willem Tuininga fan de FNP begrypt it net: "Wat hjir bard is, is ûnfoarstelber. We ha partijen sjoen dy't yn fiif minuten draaie, wylst se altyd sein ha dat se achter de buert stiene. Se ha no net allinnich de minsken yn it Speelmankwartier te pakken, mar ek de minsken fan Schaaf in Beweging."

Wethâlder Hein de Haan tinkt dat de buert wol libje kin mei de úteinlike winner: "Je zag drie plannen met drie achterbannen. De meeste mensen uit de buurt hadden voorrang voor het plan van Turfmarkt, met mooie woningbouw en een kleinschalige maatschappelijke functie. Maar we hebben ook gehoord dat hun tweede voorkeur Agora was. Dus ze zullen het enerzijds jammer vinden dat het plan van Turfmarkt het niet wordt, maar ze zullen anderzijds ook blij zijn dat het plan van Schaaf in Beweging ook niet doorgaat."

Speelmanskwartier: In wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel it sealesintrum multyfunksjoneler te meitsjen. Der soe in binnentún komme, en plak foar ateliers en wurkromtes.

Schaaf Blijft: In plan fan de hjoeddeistige eksploitant. Der moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurdt foar langrinnende musical- en teäterproduksjes.

Agora: Dit plan wol fan Zalen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje.

Trefwurden: 
Ljouwert Zalen Schaaf Agora
(Advertinsje)
(Advertinsje)