Man swierferwûne nei fal troch dak yn Kollumersweach

02 jun 2021 - 21:29

Oan de Sparrewei yn Kollumersweach is woansdeitejûn in man swierferwûne rekke. Hy soe by it pleatsen fan sinnepanielen troch it dak fallen wêze. Neffens omstanners makke de man in fal fan fiif oant seis meter.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Helptsjinsten kamen manmachtich yn aksje. Neist in ambulânse waard ek de traumahelikopter oproppen. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Kollumersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)