Gemeenteried Ljouwert stimt ferrassend foar plan 'Agora' foar Zalen Schaaf

02 jun 2021 - 20:52

De gemeenteried fan Ljouwert hat keazen foar it plan Agora foar de takomst fan Zalen Schaaf. De gemeenteried moast nei lange diskusjes woansdeitejûn kieze oer de takomst fan it Ljouwerter sealesintrum.

Foto: Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan

De ried wie djip ferdield oer de trije foarstelde plannen. Herûntwikkeling Speelmanskwartier - de foarkar fan it kolleezje -, Agora en Schaaf Blijft! koene allegearre net op in mearderheid rekkenje.

Dêrom wiene der twa amendeminten yntsjinne. Mei de amendeminten koene partijen harren twadde kar oanjaan. It like derop dat it plan Schaaf Blijft dêrtroch de measte kâns hie, om't de grutste partij PvdA it as twadde kar hie.

Dochs noch Agora

Mar nei in koarte skorsing yn it debat die bliken dat de riedsfraksjes fan D66, CDA en de ChristenUnie dochs keazen foar it amendemint Agora. Dêrtroch krige dat plan ferrassend in mearderheid yn de ried. "Wij hebben besloten om de buurt tegemoet te komen en dus kiezen wij voor plan Agora", sa ferklearre fraksjefoarsitter Julie Bruijnincx fan D66.

Speelmanskwartier: In wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel it sealesintrum multyfunksjoneler te meitsjen. Der soe in binnentún komme, en plak foar ateliers en wurkromtes.

Schaaf Blijft: In plan fan de hjoeddeistige eksploitant. Der moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurdt foar langrinnende musical- en teäterproduksjes.

Agora: Dit plan wol fan Zalen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje.

De Ljouwerter polityk wrakselet al jierren mei it sealesintrum. In priisfraach hie in ein meitsje moatten oan de ûndúdlikheid, mar de rebûlje waard allinne mar grutter.

It plan 'Speelmanskwartier' krige fan de sjuery de measte punten. Twadde waard 'Schaaf Blijft', en it plan 'Agora' einige op it tredde plak. Mar neffens de FNP wie it winnende plan te let yntsjinne, en dêrom soe it hielendal net meidwaan meie.

Dêrnei wie der gjin mearderheid foar it winnende plan. De gemeenteried rekke folslein ferdield. De oare twa plannen koene ek net op in mearderheid rekkenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)