Marit Bouwmeester tredde op Allianz Regatta Medemblik nei earste dei

02 jun 2021 - 20:29

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de earste dei fan de Allianz Regatta op it tredde plak yn de Laser Radial klasse. De olympysk kampioene út Warten waard woansdei yn Medemblik tsiende yn de earste race en fjirde yn de twadde race.

Foto: ANP

Dêrmei komt Bouwmeester op fjirtjin punten. Marie Barrue út Frankryk waard twa kear twadde, helle sa fjouwer punten, en giet dêrmei oan de lieding. Twadde yn it klassemint is de Belgyske Emma Plasschaert mei tolve punten.

Foar Bouwmeester is it evenemint in goeie test foar de Olympyske Spelen fan Tokyo seit se. "It wie moai waar en dan is it lestich mei de wyn. Dy wie der hast net. Boppedat is de float hiel grut, fyftich boaten ha ik al efkes net mear meimakke. It wie drok op it wetter, mar ek echt leuk. Ik ha mysels fermakke by de races."

Akkerman 44e

Der wurde dizze wike acht wedstriden syld yn Medemblik. De beste sylsters kwalifisearre harren dêrnei foar de saneamde medalrace, dêr't yn syld wurdt om dûbele punten.

Mirthe Akkerman fan Akkrum docht ek mei yn de Laser Radial. Sy leit nei de earste dei 44e mei 82 punten.

Van der Meer oan lieding yn Nacra 17

Yn de Nacra 17 is it earste plak nei trije wedstriden foar Laila van der Meer út Grou en Bjarne Brouwer. Sy kamen yn alle wedstriden as earste oer de einstreek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)