Piet Fortuin: "Bysûnder dat wurknimmers en wurkjouwers akkoart binne"

"In fikse stien yn de fiver", dat is it nije akkoart fan wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes oer feroarings op de arbeidsmerk. Dat seit alteast foaroanman Piet Fortuin fan it fakbûn CNV.
© Omrop Fryslân
Yn it akkoart is ôfpraat dat flekswurkers better betelle wurde moatte en mear wissichheden krije. It akkoart is yn in brief oan de ynformateur stjoerd foar it nij te foarmjen kabinet.

Bysûnder dat der in akkoart is

It is de útwurking fan de foarstellen fan de kommisje Borstlap dy't twa jier lyn al oantrune op de herfoarming fan de arbeidsmerk. Sûnt de simmer ferline jier binne de sosjale partners al yn petear hjiroer. Dat wurknimmers en wurkjouwers mei akkoart binne oer sokke saken is neffens Fortuin hiel bysûnder.
De lêste kear dat soks barde wie yn 2006. "We sjogge allegearre dat der wat barre moat, de saak is út balâns tusken fêst en fleks. Dat moat better", seit de foarsitter fan it fakbûn CNV.

Earlik wurk hat ek in priis

It plan kostet in soad jild, der sit in priiskaartsje oan. Fan fleks nei fêst kostet de wurkjouwers mear en dat moat wol betelle wurde. Al dy konstruksjes fan goedkeape flekskrêften gean oer de kop. Op de fraach oft bedriuwen dit wol drage kinne seit Fortuin dat we as konsumint ek ús ferantwurdlikheid nimme moatte.
"Bysûnder dat wurknimmers en wurkjouwers akkoart binne"
"Wy moatte ús as konsumint realisearje dat 'gratis' net bestiet. Foar it bestellen fan in pizza of wat keapje op ynternet sille we miskien in pear sinten mear op it kleed lizze moatte. Earlik wurk hat ek in priis en dat ferskil sil net gigantysk wêze."

"In kabinet mei ferstân fan saken nimt dit oer"

Nije wike sille de leden fan de fakbûnen noch te set oer it akkoart. Dêrnei giet de brief nei de ynformateur.
De fraach is oft it nije kabinet de oanbefellingen oernimme sil. Fortuin is dêr optimistysk oer, hy tinkt dat in regear hjir net sa gau omhinne gean sil as sa'n grut front it hjir oer iens is.
Piet Fortuin is dúdlik: "Wy gean der fan út dat in kabinet mei ferstân fan saken dit oernimt."