Hallumer woe oanslach op buorman plege

In 40-jierrige Hallumer stie woansdei foar de rjochter omdat er ferline jier in oanslach plege woe op syn buorman. Hy sei yn oktober tsjin in plysjeman dat er opdracht jûn hie om syn hierbaas te likwidearjen. De húsbaas hat doe oanjefte dien fan bedriging.
© ANP
Op de sitting fan de plysjerjochter befêstige de Hallumer dat it ferhaal fan doe kloppet. Hy hie twa Afrikaanske manlju in wapen jûn. Sy soene ek echt besocht hawwe in oanslach by in supermerk te plegen mar fûnen it te drok en diene it úteinlik net.

Saak wurdt oanhâlden

De rjochter bepaalde dat se earst mear witte wol oer de eftergrûnen fan de man foardat de saak ynhâldlik behannele wurdt. De saak wurdt oanhâlden om fierder ûndersyk te dwaan.
In psychiater sil no mei de Hallumer prate om te sjen oft der fierder psychologysk ûndersyk dien wurde moat.