Spesjale 'prikbus' GGD op earste dei folslein útferkocht

02 jun 2021 - 19:21

"We kinne njoggentich minsken deis faksinearje yn de bus, en der binne hjoed njoggentich minsken delkaam foar in faksin." Wurdfierder Nils van Mourik fan GGD Fryslân is tige optein mei de opkomst op de earste wurkdei fan de spesjale prikbus fan GGD Fryslân.

De 80-jierrige Hilly Kooistra wie woansdeitemoarn de earste

"We ha hjoed ferhalen heard fan minsken dy't earst in petear ha wolle mei in dokter. Dy wolle oertsjûge wurde troch in dokter, om it faksin te nimmen", seit Van Mourik. "We ha in hege faksinaasjegraad nedich yn Nederlân, om klusterútbraken foar te kommen."

Wat de GGD Fryslân oanbelanget folgje der dan ek rap mear bussen dy't oare parten fan Nederlân faksinearje kinne. "We berikke hjir bygelyks ek groepen mei, dy't we gewoanwei net berikke. Dizze bus is foar Fryslân, mar oare bussen kinne dit fansels ek yn de rest fan it lân."

(Advertinsje)
(Advertinsje)