Ek eask fan tsien jier sel tsjin rjochterhân fan haadfertochte Ultegra

02 jun 2021 - 16:34

It Iepenbier Ministearje hat tsien jier selstraf easke tsjin in man út Slovenië, dy't sjoen wurdt as de twadde man fan de wapenbinde út Easterwâlde. Tsjin de oare fertochten yn de saak waarden tiisdei ek lange selstraffen easke.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De Sloveen runde, mei de 35-jierrige haadfertochte, in kringloopwinkel yn Easterwâlde. De beide manlju wurde sjoen as de lieders fan de binde. Sy soene minsken, dy't gefoelich wiene foar drugs, ynset ha as bindeleden.

Tsjin de partner fan de Sloveen waard 2 jier sel easke, wêrfan in heal jier ûnder betingst.

De rjochtbank docht op 29 july útspraak yn de saak.

Wat is de saak-Ultegra?

De saak-Ultegra giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân.

By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.

Trefwurden: 
Easterwâlde justysje Ultegra
(Advertinsje)
(Advertinsje)