Nije riedseal Noardeast-Fryslân komt net yn tsjerke of boppe-op gemeentehûs

02 jun 2021 - 16:11

De nije riedseal fan de gemeente Noardeast-Fryslân komt yn in nij gebou oan de Koningstraat yn Dokkum, en net yn de Bonifatiustsjerke of boppe-op it gemeentehûs. Dat is it foarnimmen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Foto: Adema Architecten

De kar foar de saneamde fiifde fariant fan it húsfêstingsûndersyk waard woansdeitemoarn digitaal taljochte.

It foarnimmen fan it kolleezje hâldt ûnder mear yn dat der in folslein nije riedseal komt yn de Koningstraat, skean tsjinoer it hjoeddeiske gemeentehûs. De oare gebouwen, lykas dat gemeentehûs en it âlde stedhûs oan De Zijl, wurde safolle mooglik by de tiid brocht.

De eardere gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân binne op 1 jannewaris 2019 bestjoerlik fusearre. It nije húsfêstingsplan fan de hjoeddeiske gemeente Noardeast-Fryslân rjochtet him op in sintraal plak, sawol foar bestjoer as amtners, yn de binnenstêd fan Dokkum.

Doel is dat der yn de nije situaasje sa'n 286 wurkplakken foar de amtners yn de binnenstêd fan Dokkum komme. Dat binne der folle minder as no yn de gemeente it gefal is, mar fanwegen de opkomst fan it thúswurkjen ferwachtet it kolleezje dat it nije oantal foldwaande is.

De âlde riedsseal yn it stêdhûs yn Dokkum. - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

De kar foar in folslein nije riedseal oan de Koningstraat kaam as in lytse ferrassing. Earder like it benammen te gean om de farianten yn de Bonifatiustsjerke of boppe it gemeentehûs yn Dokkum. Neffens boargemaster Johannes Kramer foel de Bonifatiustsjerke ôf fanwegen de hege kosten; de lokaasje is op dit stuit te lyts om in geskikte riedseal te húsfêstjen. In yngreven ferbouwing fan de tsjerke soe neffens Kramer bot djoerder útfalle.

Kosten: 11,2 miljoen euro

De totale ynvestearringskosten, foar de fariant dy't troch in kolleezje keazen is, binne sa'n 11,2 miljoen euro. De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân nimt nei de simmerfakânsje, nei alle gedachten op 1 septimber, in beslút oer it húsfêstingsplan fan de gemeente.

Ferslachjouwer Mats Gies oer it húsfêstingsplan fan de gemeente Noardeast-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)