Jelle Bijlsma yn de top 250 groeibedriuwen: "Dat is een goed teken"

02 jun 2021 - 15:42

Stefan Speelman, bedriuwslieder by Jelle Bijlsma, is wiis dat syn bedriuw yn de top 250 groeibedriuwen fan Nederlân sit. It bedriuw is it iennige Fryske bedriuw op de list en is dêrmei de grutste groeier fan de provinsje.

"We zijn goed bezig als bedrijf"

Speelman sjocht it plakje op de list as in goed teken, mar hy bliuwt der ek nochter ûnder. "Dat is een goed teken, daar zijn we blij mee", seit Speelman. "Het is een waardering dat we goed bezig zijn als bedrijf."

'Gepassioneerde vakmannen'

Bedriuwen kinne yn de top 250 komme as se oer fiif jier teminsten 20 persint per jier groeid binne, yn Fryslân slagge dat allinne by Jelle Bijlsma. "Dat is eigenlijk heel natuurlijk gegaan, we zijn met gepassioneerde vakmannen bezig met mooie projecten", fertelt Speelman "dat is de basis van deze groei."

It bedriuw docht it goed, mar as it fierder groeie wol, moat der neffens Speelman wol nij personiel komme. "We zouden wel meer aan kunnen, maar we worden beperkt door het aantal goede vakmannen. Er is honger naar goed personeel."

Wurk oan it gemaal by Ryptsjerk - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Jelle Bijlsma wurket op it stuit yn opdracht fan it Wetterskip oan in gemaal yn Ryptsjerk. Speelman is grutsk op it projekt: "Dit is voor ons een thuiswedstrijd, we hebben veel mensen in de omgeving wonen en werken, die mensen zijn trots op dit soort werk."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by Jelle Bijlsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)