Tal nije besmettingen yn Fryslân wer wat omheech

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 85 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 23 mear as tiisdei. Doe gie it om 62 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 86 besmettingen registrearre.
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (17). dêrnei komme Smellingerlân (15) en Súdwest-Fryslân (12).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden ek gjin minsken mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 2.602 nije coronagefallen registrearre. Juster gie it lanlik om 2.530 nije gefallen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.