Q&A: "Ik tink net dat Johnny Jansen fannacht noflik slept hat"

De direksje fan SC Hearrenfean grypt rigoereus yn: trainer Johnny Jansen mei bliuwe, mar syn assistinten moatte plak meitsje. In logyske yngreep of spilet de klup panykfuotbal?
Sportferslachjouwer Arjen de Boer folget SC Hearrenfean op 'e foet en jout antwurd op seis driuwende fragen.
© Omrop Fryslân
Wêrom grypt de direksje fan SC Hearrenfean sa hurd yn?
"Min fuotbal, gjin spektakel, spilers dy't allinnich mar minder wurden binne en dêrtroch ek minder jild wurdich binne. Mar foaral de teloarstellende resultaten en dêrtroch minder telefyzjejild. Dat is de optelsom dy't de kluplieding makke hat en dêr is de technyske stêf ferantwurdlik foar."
Betsjut dat dat de assistinten allegear Hearrenfean ferlitte sille?
"Nee, it kontrakt fan Jeffrey Talan rint noch troch en foar him wurdt in oare funksje socht binnen de klup. It kontrakt fan Hennie Spijkerman rûn nei twa seizoenen ôf en wurdt dus net ferlinge. Him sjogge wy takom seizoen net mear yn it Abe Lenstra stadion. It kontrakt fan keeperstrainer Raymond Vissers rint noch in jier troch, mar ek hy giet fuort en him sille se dus trochbetelje moatte."
Hennie Spijkerman (rjochts) © www.orange-pictures.nl
Wêrom mei Johnny Jansen wol sitten bliuwen, hy is toch einferantwurdlik?
"De direksje fynt dat der fersêftsjende omstannichheden binne. Sa moast Jansen de kompetysje begjinne mei in seleksje dy't net op oarder wie. En eins hat dat derfoar soarge dat hy it folsleine seizoen achter de feiten oan rûn. De kluplieding fynt dat hy in twadde kâns fertsjinnet, al binne der ek lûden efter de skermen dy't it dêr net mei iens binne."
Of soe it miskien in strategy wêze fan de direksje om sa goedkeap mooglik fan Johnny Jansen ôf te kommen?
"Dat is net de meast sjike wize om fan inoar ôf te kommen, mar wol de goedkeapste. Want as ien út himsels opstapt, hoege je gjin ôfkeapsom te beteljen. Dat bart wol faker yn de fuotballerij, ek by SC Hearrenfean. Yn 2011 noch waard assistint Raymond Libregts fuortstjoerd yn 'e hoop dat haadtrainer Ron Jans solidêr wêze soe. Dat barde net. Jans einige dat seizoen mei Hearrenfean as fiifde, mar de leafde wie oer, hy fielde him yn 'e sek naaid."
Geert Arend Roorda (argyffoto) © ANP
Wa sitte der takom seizoen neist Johnny Jansen op 'e bank?
"Dat is in nijsgjirrige fraach. Mei Hennie Spijkerman hie Jansen in assistint mei de nedige ûnderfining, mar folle wichtiger, hy foarme totaal gjin bedriging foar Jansen om syn posysje oer te nimmen. Kiest Hearrenfean dêr no opnij foar of sortearret men al foar en kieze se foar in assistint dy't by minne resultaten it stokje fan Jansen oernimme kin. As ik ien namme neame mei: Geert Arend Roorda."
Wat betsjut dit alles foar de posysje fan Johnny Jansen?
"Ik tink net dat Johnny fannacht noflik slept hat. Omdat hy meardere kearen sein hat dat hy hiel tefreden is oer syn stêf, is hy no sels ek oansketten wyld. Boppedat is Jeffrey Talan in freon fan him, dit docht him enoarm sear. Jansen sil him realisearje dat hy ûnder in fergrutglês leit, it measte kredyt hat hy wol ferspile. By in minne kompetysjestart wiist de finger gelyk nei him."
Jeffrey Talan © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Reaksje Jeffrey Talan:
"Ik moest bij Cees (Roozemond) op kantoor komen en kreeg te horen dat ze iets wilden veranderen in de technische staf. Ze wilden een andere dynamiek door er iemand bij te te halen die voor wat reuring moet zorgen. Hennie (Spijkerman) en ik zijn toch wat meer analyserend, zijn wat minder aanwezig. Dus ik ging ervan uit dat er volgend seizoen twee assistenten op de bank naast Johnny zouden zitten en één op de tribune. Dat Hennie en ik nu plaats moeten maken, komt voor mij als een donderslag bij heldere hemel.
Wat ik nu ga doen is gissen. Ik heb nog een contract voor één jaar en heb morgen (tongersdei) een gesprek met Ferry de Haan. Ik begreep dat hij een aantal goede ideeën voor me heeft. Wat dat precies is? Ik weet alleen dat het gaat over talentontwikkeling. Ik ga dat eerst maar even aanhoren en laten bezinken."
Reaksje Johnny Jansen fan syn fakansjeadres ôf:
"Het is allemaal erg vervelend, al speelde dit natuurlijk al een tijdje. Leuk is het allemaal niet, maar het is de keuze van de club. Ze hebben het afgelopen seizoen geëvalueerd en bedacht dat het anders moet. Maar het is doodzonde dat mensen hier nu pijn van hebben.
Ik ben hartstikke solidair naar mijn collega's. Ik heb ook mijn uiterste best voor ze gedaan, maar ik heb nooit overwogen om nu ook te stoppen. En ik ben ook niet bang geweest voor mijn eigen ontslag. Al blijft het de voetballerij en weet je het nooit."