Wynjewâld krijt nei trije jier wer eigen supermerk

02 jun 2021 - 12:42

De ynwenners fan Wynjewâld kinne nei de simmer wer yn eigen doarp boadskipje. Trije jier lyn brânde de supermerk yn it doarp ôf en sûnt dy tiid sykje de ynwenners nei in nije ûndernimmer. Dat kealle swier, want lokaal ûndernimme is in finansjele puzel. De famylje Basta út Kollum stapt der no yn en se begjinne yn septimber.

"Eind deze week de kerstboodschappen doorgeven aan de leverancier"

Joël Basta hat in restaurant yn Kollum, mar seach it wol sitten om yn dit aventoer te stappen. "Het was altijd al mijn ambitie om een supermarkt te beginnen. En toen we de oproep zagen, hebben we die kans met beide handen aangegrepen. Ik heb alle vertrouwen in ons concept en het leeft in dorp."

Hy moat ek fuort oan de bak. "Ik kreeg al bericht dat ik eind deze week de kerstboodschappen moet doorgeven aan de leverancier."

Marianne Hulsbergen fan de wurkgroep dy't him dwaande hâldt mei de supermerk is der wiis mei. "We zijn echt heel blij dat het na al die tijd gelukt is. Het was stil in het dorp, je treft niemand meer. En je moet voor alles weg. Vooral voor ouderen en voor jonge gezinnen is het handig dat ze straks alle boodschappen gewoon in het dorp kunnen doen."

It gebou is no in lege romte, der moat noch in soad barre. It plan is dat de supermerk yn de twadde helte fan septimber iepenet.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Wynjewâld

Trefwurden: 
Wynjewâld supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)