Visser Transporten út Boalsert krijt predikaat 'Hofleverancier'

02 jun 2021 - 11:42

It bedriuw Visser Transporten út Boalsert krijt it predikaat 'Hofleverancier'. De eigners fan it bedriuw binne de bruorren Gjalt en Petter Visser. Sy krije sneon út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok it predikaat mei in oarkonde.

Foto: vissertransporten.nl

Visser Transporten bestiet sûnt 1920 en is opset troch Willem Visser, de pake fan de hjoeddeistige eigeners. It is útgroeid ta in ynternasjonale ûndernimming mei 25 frachtweinen en 40 wurknimmers.

Kening Willem-Alexander jout de titel Hofleverancier as it in belangrike rol spilet yn de regio. Ek finansjeel sûn wêze en in goeie namme spylje in belangrike rol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)