Plysje hâldt Ljouwerter oan foar mishanneling yn Prinsetún

02 jun 2021 - 10:02

De plysje hat in man út Ljouwert oanhâlden as fertochte fan in mishanneling yn de Prinsetún yn de stêd. Neffens omstanners hie de fertochte in jong famke mishannele. Tsjûgen joegen in sinjalemint troch en doe koe de man fan 36 jier op in oar plak oanhâlden wurde.

Foto: Omrop Fryslân

It slachtoffer fan de mishanneling rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.

Der wie tiisdeitejûn in soad plysje yn de Prinsetún nei meldingen dat it ûnrêstich wie. Moandei wie der al in grutte fjochtpartij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)