Harns hat lanlike primeur mei 'prikbus'

02 jun 2021 - 08:45

Harns hat de lanlike primeur fan de earste 'vaccinatiebus'. Dy bus fan GGD Fryslân stiet dizze woansdei yn de havenstêd by Het Vierkant. Neist de acht fêste priklokaasjes yn de provinsje wurdt de mobile bus ynset foar minsken fan 65 jier en âlder, dy't net nei de fêste lokaasjes reizgje kinne.

De 80-jierrige Hilly Kooistra wie woansdeitemoarn de earste

Mei de bus wol de GGD de minsken in kâns biede om tichtby hûs in faksinaasje te heljen.

By de 'prikbus' stie de nagelnije boargemaster Ina Sjerps om de minsken te ûntfangen. It is har earste publike optreden nei de ynstallaasje. "We hebben de primeur van Nederland. De bus is een goed idee voor mensen die minder mobiel zijn. Zo moeten de Harlingers naar Franeker, maar nu kunnen ze zich dichtbij huis laten vaccineren."

De boargemaster ropt elkenien op om de faksinaasje sette te litten. "Laat je vaccineren, dan gaan we een mooie zomer tegemoet en kunnen we sneller de zorg ontlasten."

Yn de bus kinne sa'n 90 prikken deis set wurde. It is net nedich om in ôfspraak te meitsjen, wol moat de útnûging fan it RIVM en in ID-bewiis meinaam wurde. De bus wurdt yn juny ynset as proef en komt ek noch yn Noardeast-Fryslân en Weststellingwerf te stean.

Hilly Kooistra (80) krige de earste prik yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei boargemaster Ina Sjerps

De bus is iepen fan 8.30 oant 17.00 oere en stiet oan de Johan van Oldebarneveltstraat 2 neist MFC Het Vierkant.

De fêste priklokaasjes binne: Ljouwert, Drachten, Snits, It Hearrenfean, Frjentsjer, Dokkum, Appelskea en Koudum.

Harkje nei ouwe seun Johannes Haakma

Nils van Mourik fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)