Tsjerken hâlde ekstra 'Kerkbalans' om jild yn te sammeljen

02 jun 2021 - 08:31

Houd elkaar vast, geef aan je kerk, dat is it motto fan in ekstra Kerkbalans, de ynsammelaksje fan de mienskiplike tsjerken. Dy ekstra ynsammeling wurdt hâlden mei it each op de coronakrisis, dy't der foar soarget dat de tsjerken minder jild binnen krije en mear jild útjouwe, bygelyks oan online-tsjinsten.

De Nikolaastsjerke fan Nijeholtpea út 1525 - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Der ha minder minsken yn tsjerke west en dus binne der ek minder kollektes hâlden. "Mar it wurk binnen it pastoraat is wol trochgien", seit Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert. "Ek it maatskiplike ferkear leit troch corona stil, dus der hat minder sealferhier west."

De Hoop sjocht ek wol in foardiel fan dizze coronatiid. "We sjogge dat de online-tsjinsten mear minsken lûke en ek nij publyk. Miskien bliuwe de online-tsjinsten ek wol."

Hy fynt it spannend om te sjen wat de aksje opsmite sil, mar ferwachtet wol dat minsken ree binne om de tsjerken te stypjen. "Dy belutsenheid is der wol."

Lammert de Hoop

(Advertinsje)
(Advertinsje)