Reade list moat nachtflinter rêde

02 jun 2021 - 07:34

It giet net goed mei de nachtflinter, der komme hieltyd minder fan. Om dêr omtinken foar te freegjen, komt der no in Europeeske reade list foar nachtflinters. Sa'n list is der foar hieltyd mear bisten, mar ek planten, dy't mei útstjerren bedrige wurde.

Foto: ANP

"De rykdom oan soarten sprekt my oan. En de kleurepracht fan de nachtflinters", seit Gerrit Tuinstra, hy is fan de Vlinderwerkgroep Friesland. De nachtflinter stiet ûnder druk en dat komt om't der minder geskikte gebieten binne foar de ynsektesoarte. "Der is mear fersnipeling en it komt ek troch de yntinsive lânbou fan de lêste desennia."

Hoe slim oft de achterútgong is, is dreech te sizzen. Dat moat de reade list op Europeeske skaal útwize. "As der minder nachtflinters binne, is dat net goed foar it bioferskaat en úteinlik ek foar oare soarten, lykas flearmûzen. De rûpen binne bygelyks fretten foar jonge miezen."

In oplossing is net maklik te jaan, der sille meardere maatregels nommen wurde moatte. "Ien dêrfan is in feroaring yn de lânbou, dat we minder yntinsyf buorkje. Mar ek minder yntinsyf behear fan sleatskanten soe al in hoop skele kinne."

Gerrit Tuinstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)