Oerlêst fan auto's yn binnenstêd fan Dokkum moat beheind wurde

01 jun 2021 - 22:19

De gemeente Noardeast-Fryslân, ûndernimmers en bewenners hawwe in ambysjeplan foar de binnenstêd fan Dokkum skreaun. De stêd moat in oantreklike bestimming wêze foar besikers en toeristen, mar wol mei sa min mooglik oerlêst troch auto's.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Oan de Diepswal hawwe ferline jier ferskate pilots west mei ienrjochtingsferkear en in autoferbod yn it wykein. De effekten binne posityf, sa skriuwe de inisjatyfnimmers. Der is mear rêst en in bettere trochstreaming. Dêrom wurde it ienrjochtingsferkear ferlinge en de tiden fan it autoferbod wurde útwreide.

Fierder moat de binnenstêd moai oanklaaid wurde, moatte der goede foarsjenningen foar fytsers komme en bettere buorden en ynformaasjepunten. Yn de binnenstêd moatte der rûten beskikber komme om te kuierjen. Ek moat der genôch parkearromte wêze.

Trefwurden: 
Dokkum sintrum plan ambysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)