Dea persoan fûn yn it wetter by jachthaven fan Langwar

01 jun 2021 - 21:59

Oan de Pontdyk yn Langwar is tiisdeitejûn in dea persoan oantroffen yn it wetter. Dat is by de jachthaven fan it doarp. It is noch ûndúdlik wat der krekt bard is. It team Forensische Opsporing fan de plysje is úteinset mei in ûndersyk.

De plysje melde woansdei dat it giet om in man fan 76 jier út de gemeente Oldambt (Grinslân). In misdriuw is útsletten. It lichem is oerdroegen oan de famylje.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media
Trefwurden: 
plysje dea Langwar
(Advertinsje)
(Advertinsje)