Wer opskuor yn Prinsetún, soad plysje nei stedspark yn Ljouwert

01 jun 2021 - 21:40

Yn de Prinsetún yn Ljouwert wie tiisdeitejûn in soad plysje oanwêzich. Sy wiene ôfkaam op in melding fan in stekpartij yn it stedspark. Ek wiene der twa ambulânsen oproppen.

Foto: Kappers Media

Uteinlik die bliken dat die net nedich wiene. In groep oanwêzigen yn de Prinsetún is troch de plysje omsingele en fûillearre. De plysje koe gjin wapens fine en hat úteinlik gjinien oanholden.

Moandeitejûn wie der ek al in grutte fjochtpartij yn de Prinsetún. De plysje hat dêr in 24-jierrige man foar oanholden op fertinking fan mishanneling.

Trefwurden: 
plysje Prinsetún
(Advertinsje)
(Advertinsje)