Boubedriuw Jelle Bijlsma is iennichste Fryske bedriuw yn top 250 groeiers

01 jun 2021 - 21:32

Boubedriuw Jelle Bijlsma út Gytsjerk is it iennichste Fryske bedriuw yn de saneamde Top 250 Groeibedrijven. Dat is in list fan 250 Nederlânske bedriuwen dy't de ôfrûne jierren in flinke groei trochmakke ha.

Foto: KVK

Om yn de list te kommen, moatte bedriuwen 10 fte grut wêze of op syn minst 5 miljoen euro omsette. Fierder moatte se tusken desimber 2017 en desimber 2020 in jierlikse groei fan minimaal 20% sjen litte yn fte of omset. Fierder moatte se yn Nederlân registrearre wêze en it haadkantoar yn ús lân ha.

De provinsje mei de measte bedriuwen yn de list is Noard-Hollân mei 90 bedriuwen. Nei de simmer wurdt bekend hokker bedriuw de fluchste groeier fan Nederlân wurden is en de Gouden Groeier Award kriget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)