Feanfroulju by finish fan harren 'Cashtafette': doel yn hânberik

01 jun 2021 - 20:51

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne tiisdei oan de ein fan de middei by de finish fan harren 'Cashtafette' oankaam. "Het was een hele pittige dag, met de zon er zo bij, maar we hebben het allemaal gehaald."

Foto: Omrop Fryslân

Spylster Wiëlle Douma fan de Feanster froulju is krekt oer de finish as se it hat oer de opbringst. "We hebben op dit moment ongeveer 55.000 euro opgehaald. Ons doel was natuurlijk 65.000, dus daar zitten we net iets onder."

Dochs kin it bedrach noch oprinne, seit Douma. "De lijnen zijn nog open zullen we maar zeggen. We hebben de route voltooid, maar we willen dat streefbedrag alsnog halen dus mensen kunnen nog doneren."

De froulju rûnen yn fyftjin teams fan Barneveld nei It Hearrenfean. Dat diene se om it gat yn de begrutting foar kommend seizoen op te foljen.

Wiëlle Douma fan de Feanfroulju oer de sponsortocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)