Fiif opfallende saken út de Ultegra-saak: koadetaal en hângranaten foar 5 euro

01 jun 2021 - 19:58

By de behanneling fan de rjochtsaak tsjin fjirtjin fertochten yn de saneamde Ultegra-saak kamen tiisdeitemiddei opfallende feiten oan 'e oarder. Yn de saak giet it om in binde, dy't him fanút Easterwâlde dwaande hold mei ynternasjonale wapen- en drugshannel.

Foto: Omrop Fryslân

It Iepenbier Ministearje easke swiere finzenisstraffen tsjin de fertochten. De folgjende opfallende saken waarden oanfierd as bewiis tsjin de binde.

Der waard in soad koadetaal brûkt troch de binde

Yn ôftappe telefoanpetearen brûke de fertochten neffens it IM koadetaal foar ferskate wapens. Sa giet it oer ' een stukje ijzer' (wapen), 'snelle' (in automatysk fjoerwapen), 'kleine' of 'hand' (hânfjoerwapen), 'eieren', 'appels', 'peren' of 'Kindersuprises' (hângranaten), 'buis', 'regenpijp', 'rioolbuis' (raketwerper), 'de was doen' (wat ferbergje/ferstopje) en 'vieze was doen' (ferbeane/strafbere saken).

We witte hokker prizen de binde rekkene

De ôfrûne jierren binne de prizen foar dit soad fan wapens en munysje sakke. Sa keapest tsjinwurdich foar 5 euro in hângranaat, in pistoal kostet 200 euro wylst in lúkse automatysk fjoerwapen net mear as 2500 hoecht te kostjen.

De binde makke reklame mei in saneamd 'unique selling point'

By de binde yn Easterwâlde siet ek in âld-meiwurker fan Definsje. Yn it leger hie hy ûnderfining opdien mei it meitsjen en oanpassen fan wapens en eksplosiven. De haadfertochte soe tsjin klanten sein ha dat syn minsken 'alles zelf konden maken, zoals geluidsdempers en ontstekers, omdat we een wapenhersteller uit het leger hebbben'.

De binde hannele ek mei oare bindes, bygelyks yn it bûtenlân

Yn 2018 soene de fertochten in levering brocht ha by twa Belgyske kriminelen, dy't harren dwaande holden mei hannel yn harddrugs. It soe gean om twa automatyske fjoerwapens, in anty-tank raketwerper, ferskate eksplosiven en hûndert kûgels.

De binde hie in oefenterrein yn Grinslân

De fertochten hiene in rêstich plakje yn 'e greide by Zuidwolde, yn de provinsje Grinslân, dêr't se de wapens teste koene. Dêrnei leverden se it oan harren klanten.

De saak-Ultegra giet om In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)