Part fan brune float mei sneon wer farre: "Duistere dagen achter ons"

01 jun 2021 - 18:31

Der is ljocht oan de ein fan de tunnel foar de brune float. In jier lang leine de boaten stil, mar fan sneon ôf meie se offisjeel wer los. Yn Frjentsjer wurde de skippen klearmakke foar in nij seizoen. "We hebben er zoveel zin in," seit skipper Daan Delforterie. "We laten duistere dagen achter ons."

De brune float makket him wer ree:

"Niet in de verf stappen", ropt Daan Delforterie oer it dek hinne tsjin syn matroas. Beiden binne se folop dwaande om it skip De Grote Beer wer klear te meitsjen foar sneon. Dêr sjocht elke skipper nei út, mar der binne wol problemen.

Oardel meter

"Je zit nog wel met de anderhalve meter," seit Daan wylst hy in kwast mei reade ferve oer it dek gean lit. "Je kunt geen enorme groepen meenemen en dus wordt het puzzelen, maar het kan gelukkig wel uit voor ons. Anders gingen we sowieso niet."

Nu gooien we het oog op de toekomst. We mogen weer.

Skipper Daan Delforterie

Daan hat as jonge skipper grutte klappen hân troch de krisis. Om rûn te kommen, wurke hy as binnenfeartskipper. Dêrmei koe hie De Grote Beer yn libben hâlde. "Onderhoud moet gewoon gebeuren. Anders gaat het schip ten onder. Dat moet niet. Maar niet teveel over het verleden, nu gooien we het oog op de toekomst. We mogen weer."

Daan Delforterie (L) en Erik Hulsman (R) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De Grote Beer is net it iennichste skip fan de float dat yn Frjentsjer leit. Neist de giele trijemêster leit de 'Amore Vici', Italiaansk foar 'De Leafde Oerwint'. Skipper Erik Hulsman hat de coronakrisis oerwûn, mei troch de leafde foar syn skip.

It kribelet

Hulsman kin hast net wachtsje. "Maar helaas moet dat wel voor we weer los kunnen. We hadden boekingen staan en die gaan niet door, maar we kunnen zo snel geen andere regelen. Het duurt altijd wel even. Het is geen restaurant waar je naar binnen loopt. Maar toch, in juli beginnen we weer. Het begint nu ook enorm te kriebelen als je dat mooie weer erbij krijgt. We gaan weer."

De Grote Beer yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(Advertinsje)
(Advertinsje)