SC Hearrenfean nimt ôfskied fan in diel fan de technyske stêf

01 jun 2021 - 17:31

By SC Hearrenfean komme assistint-trainers Jeffrey Talan en Hennie Spijkerman takom seizoen net werom yn de technyske stêf fan trainer Johnny Jansen. Ek keeperstrainer Raymond Vissers moat op syk nei in oare funksje. Neffens de kluplieding wurdt 'een nieuwe impuls op deze posities gezocht'.

Foto: Orange Pictures

Talan wie sûnt 2019 assistint by it earste fan SC Hearrenfean. De 49-jierrige âld-ynternasjonal spile acht jier yn it earste fan de klup. Yn 2010 waard hy jeugdtrainer by de klup. Ek wie hy haad jeugdoplieding by Hearrenfean. De klup sil noch mei him om tafel oer in nije rol binnen de organisaasje.

Hennie Spijkerman (70) sil de klup nei twa jier ferlitte. Keeperstrainer Raymond Vissers wie sûnt 2016 yn tsjinst by de Feansters.

(Advertinsje)
(Advertinsje)