Skiermûntseach benaud foar gaswinning by Boarkumer Stiennen

It kolleezje fan Skiermûntseach is benaud foar nije gaswinning troch ONE-Dyas by de Boarkumer Stiennen, sa'n 20 kilometer noardlik fan it eilân. Boargemaster en wethâlders hawwe tiisdei in nei eigen sizzen 'pittige zienswijze' ynstjoerd op it ûntwerpbeslút.
In earder protest tsjin gasboarringen by Skiermûntseach yn 2019 © ANP
Yn dat ûntwerpbeslút gaswinning N05-A stiet dat it Nederlânske bedriuw ONE-Dyas in produksjeplatfoarm yn see pleatse wol yn it natuergebiet Boarkumer Stiennen (Borkumse Stenen).

Kwetsbere natuer

It produksjeplatfoarm en de boarputten moatte op en by kwetsbere natuer komme. Dat is neffens de gemeente yn striid mei beloften fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn 2014 skreau minister Kamp: "Indien er een specifieke reden is om het gas uit een klein veld niet te winnen, zoals bijvoorbeeld schade aan de natuur, dan zal gaswinning daar niet plaatsvinden."
Boargemaster Ineke van Gent oer de plannen: "Schiermonnikoog ligt in het best beschermde en internationaal belangrijkste natuurgebied van Nederland. Toch wordt dit gebied keer op keer bedreigd door gasboringen en kabels. Er wordt steeds een beslissing genomen tégen de natuur en vóór economische belangen. Natuur en een vrije horizon laten zich niet uitdrukken in geld, maar zijn wel goud waard."

Driuwend, moreel en maatskiplik berop

De gemeente is fan miening dat it ministearje de belofte fan Kamp no skeind hat mei de pleatsing yn de Boarkumer Stiennen. It kolleezje fan Skiermûntseach fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen.
Skiermûntseach docht dan ek in driuwend, moreel en maatskiplik berop op Den Haag en ONE-Dyas om ôf te sjen fan gaswinning njonken it UNESCO Wrâlderfgoed.