Operaasje Fryske Flagge: Marten van Kammen gie fan Ierlân nei Spanje

01 jun 2021 - 16:40

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Marten van Kammen, dy't yn Santander yn Spanje wennet.

Marten van Kammen - Foto: Omrop Fryslân

Marten van Kammen is opgroeid yn De Westereen. Tusken 1982 en 1999 spile hy dêr bariton by fanfare Ons Genoegen. Hy wurke yn Fryslân as systeembehearder by it Friesland College yn Ljouwert. Hy wie de probleemoplosser oangeande de kopiearapparaten. Doe't syn kontrakt net ferlinge waard, soe hy sûnder wurk komme te sitten.

It aventoer efternei

Doe kaam der lykwols in printbedriuw mei in oanbod, en dêrtroch bedarre Marten yn it bûtenlân. "Ik kaam yn Ierlân terjochte, yn Dublin. Ik sollisitearre op de baan en mocht komme, mar in dreech ynterview wie it net, it wie suver in petear tusken twa freonen," fertelt Marten.

It wie ek in aventoer. Ik tocht: ik wenje al sa lang hjir, ik moat dêr ek mar ris sjen.

Marten van Kammen

It wie in hiele stap foar him: fan De Westereen nei Dublin. "Mar it wie ek in aventoer. Ik tocht: ik wenje al sa lang hjir, ik moat dêr ek mar ris sjen. Ik haw tusken 1999 oant 2004 yn Ierlân sitten."

Foar de leafde nei Spanje

Yn Ierlân moete hy lykwols syn takomstige frou. "Sy wie yn Ierlân foar in Ingelske kursus. Sy kaam út Spanje wei en sy hat my meinaam nei Spanje. Dêrfoar hawwe wy noch wol in pear jier digitaal kontakt hân. Mar dêrnei doarde ik it wol oan." Marten ferhûze nei Spanje, troude dêr yn 2004 en mei syn frou adoptearre hy in soan, dy't yntusken 12 jier âld is.

Op dit stuit wurket Marten by syn frou yn de klinyk. "Sy is bistedokter. Ik help mei de hûnen en katten. Wy wurkje gear mei in katte-opfang, Amigat: wy meitsje sike katten wer better. Dat is moai wurk." Sûnt koart is hy ek drone operator. Hy hat in kursus folge om piloat te wurden fan drones ûnder de 5 kilo. In bedriuw opsette wol no mei de krisis noch net hiel flot, mar de earste job is al wol binnen.

Oan de 'griene kust'

It foldocht Marten goed yn Spanje. Sy wenje yn in appartemint yn Santander, in stêd ferlykber mei Ljouwert. Se wenje op ûngefear 20 minuten kuierjen fan it strân, mar ek flakby in park. "Santander is in stêd oan de 'griene kust' fan Spanje. Wy hawwe hjir strannen en rotsen. Dêr groeit grien op, dêrom wurdt it ek de griene kust neamd."

Marten van Kammen fertelt oer syn libben yn Spanje

Dochs is Fryslân noch net hielendal ferdwûn út Marten syn libben. "Om it jier geane wy op fakânsje nei De Westereen, dan sliepe wy by mem yn 'e hûs. En dan geane wy nei attraksjeparken en bistetunen. Myn frou soe ek bêst yn De Westereen wenje wolle, mar dan sitte je fansels wol mei de klinyk." Dus of dat ea noch wat wurdt? "Wa wit, miskien nei it pensjoen," laket Marten.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)