Plan natuerklups: gearwurkje by ynvestearring fan 1 miljard euro

Fjouwer natuerklups hawwe in mienskiplik plan presintearre om problemen mei klimaat, lânbou en wetterhúshâlding mei-inoar op te lossen. De kommende tsien jier sille ferskate oerheden mear as in miljard euro ynvestearje yn ús provinsje. De oprop fan de natuerklups yn Natuerlik Fryslân 2050 is dêrom: bondelje alle problemen yn ien oanpak, want sa kinne je mear berikke.
Sa sjocht it plan fan de natuerorganisaasjes der út:
It Fryske Gea, Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten en de Friese Milieu Federatie bondelje de krêften. Konkreet giet it om it yn inoar skowen fan programma's foar wetterbehear, romtlik belied, feangreide, kustferdigening, de boskstrategy en de fergriening fan de lânbou.
De fjouwer klups komme mei ien oanpak en wolle dêroer yn petear. De fisy Natuerlik Fryslân 2050 is tiisdei oerlange oan bestjoerders fan de provinsje Fryslân, wetterskip Fryslân en de Fryske gemeentes. Yn dy fisy stiet hoe't natuer en lânskip ús helpe kinne om grutte opjeften oan te pakken.
In stikje Fryske greide © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De natuer soe wetter fêsthâlde kinne, de boaiem kin CO2 fêstlizze yn stee fan útsjitte en de kust kin meigroeie mei de seespegelstiging as je kwelders klaai ynfange litte.

Oanpak foar elts lânskip

Foar fiif lânskippen is al wat útwurke hoe't soks der út sjen kin, mar dat it is gjin blaudruk, sa sizze de inisjatyfnimmers. Hoe't je soks oanpakke sjocht der neffens adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea foar elke streek wer oars út.

Sân en fean

Sa soe op it sân it wettersysteem sa oanpast wurde kinne dat it wetter tiid krijt om fuort te sakjen sadat der in soad buffer fan wetter ûntstiet dy't de lânbou, natuer en de drinkwetterfoarsjenning helpe kin.
Yn it leechfean soe oan de rânen mear romte komme kinne foar natuer mei in heger wetterpeil, wêrby't bysûndere soarten planten mear romte krije. De organisaasjes sjogge sels mooglikheden om it fean op guon plakken yn it feangebiet wer groeie te litten.
De meast leechlizzende plakken soene geskikt wêze om wetter op te slaan mei floedbosken dêr't guon fûgels harren tige yn thús fiele. Der is ek romte foar wiete teelten foar de bou. Fierder nei it westen ta yn It Lege Midden moat romte wêze foar in 'natuerrike lânbou'.
Wurk oan in natuergebied © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By dy natuerlike lânbou heart in heger peil en in oantreklik polderlânskip mei in hiel soad libben. Oan de rânen fan de marren soe wer romte komme moatte foar in fariabel peil wêrtroch't âld bûtlân ek wer sa funksjonearret.

Klaai

Op de klaai soene de wiete klaaigerslânnen in wichtige posysje hawwe moatte foar de greidefûgels en moat it lânskip mei alle kultuerhistoaryske eleminten bewarre bliuwe. Op de hegere kwelderrêgen is der plak foar 'natuerlike ikkerbou'.
Besjoch hjir de plannen yn it dokumint Natuerlik Fryslân 2050.
Foar alle fiif lânskippen is al reedlik fierhinne útwurke hoe't it ien en oar der út sjen kin en hokker funksjes der yn betsjinne wurde kinne. Dat alles bart fansels net samar: it bioferskaat wrâldwiid en ek yn ús provinsje giet efterút en dêr wolle de inisjatyfnimmers wat oan dwaan.

Natuerrike lânbou

De grutste brûker fan it bûtengebiet is de lânbou. Dêroer stiet dit yn it plan: "De toekomstige ontwikkelingen in de landbouw zijn van groot belang voor landschap en leefomgeving. In 2050 zien we een duurzamere landbouw op vitale bodems en met veel ruimte voor biodiversiteit, zónder bestrijdingsmiddelen en producerend voor de lokale markt. Een landbouw die ook inspeelt op vernieuwingen als natte teelten en boslandbouw en aandacht heeft voor streekeigen veerassen en gewassen."
De klups neame it 'natuurrijke landbouw.' "Deze ontwikkelingen ondersteunen de terugkeer van biodiversiteit in het landschap."
Drûchte yn it Noarderleech © Omrop Fryslân, Remco de Vries
As je it bioferskaat werom krije wolle, kinne je dat net allinnich oan de natuerorganisaasjes oerlitte, fine dy organisaasjes sels.
Sa makket Bakker dúdlik: "Wy hawwe hjir eltsenien by nedich. Dit is ek in fisy dêr't wy yn sizze dat it net allinnich oan de natuer is, lykas yn it âlde natuernetwurk wêryn't besocht wurdt om al it bioferskaat te rêden yn de natuergebieten. Foar de kommende tsien jier moatte wy it ek sykje yn al dy 'troch-ieren', al dy moaie leanen en alle wiete plakjes yn it lânskip. Dy moatte allegearre meidwaan om it op te lossen en dêr wurdt ús hiele lânskip moaier fan."
Deputearre Douwe Hoogland reagearre optein op it foarstel fan de natuerorganisaasjes foar in yntegrale oanpak fan problemen as klimaatferoaring, feangreide en stikstofproblemen. "As we dy opjeften keppelje, dan kinne je de euro's foar mear as ien doel ynsette. It liket my hiel goed om dêr nei te sjen."
De gedachte dat de natuer ús helpe kin by it oplossen fan útdagingen as klimaatferoaring en ferdroeging sprekt deputearre Douwe Hoogland ek oan. "Klimaatbestendich wetterbehear is wichtich foar de lânbou, mar ek foar de natuer en it bioferskaat." Neffens Hoogland is der seker jild te finen 'foar in goed trochtocht plan dêr't eltsenien achter stiet, mar hy jout der wol in warskôginkje by: "De syktocht nei jild bliuwt altyd yngewikkeld."
Harkje nei Douwe Hoogland