Hûs yn it sintrum fan It Hearrenfean sletten fanwege drugsfynst

01 jun 2021 - 15:30

Gemeente Hearrenfean hat in hûs oan de Heideburen op It Hearrenfean sletten omdat der earder harddrugs yn de wente fûn binne troch de plysje. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat besletten dat it hûs foar trije moannen ticht bliuwe moat.

De Heideburen op It Hearrenfean - Foto: Google Street View

It hûs is ôfsletten en op de wente is in kennisjouwing oanbrocht mei de reden foar it sluten. Dat wurdt dien om de bekendheid fan it hûs as drugspân te trochbrekken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)