Tal nije coronabesmettingen ûnder deistige trochsneed

01 jun 2021 - 15:19

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 62 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der alve minder as moandei. Doe gie it om 73 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 85 besmettingen registrearre. In wike lyn lei dat trochsneed op 103.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (15) en Ljouwert (11).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waard wol ien Fries mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 2.530 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene dat der ôfrûne wike 2.944 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)