Thialf krijt opnij útstel yn sinnepaniel-kwestje: ek ûndersyk nei stroken isolaasje

Thialf hat op 'e nij útstel krigen fan fersekerders yn de kwestje oer de sinnepanielen op it dak. Dat is ferlinge oant 30 novimber. De sinnepanielen binne mei it isolaasjemateriaal net brânfeilich. It iisstadion op It Hearrenfean sjocht no nei twa oplossingen: in nije toplaach, mar ek nei nije stroken yn it dak mei oar isolaasjemateriaal.
Thialf © ANP
De ferlinging giet yn op betingst dat de sinnepanielen oant desimber net brûkt wurde. De sinnepanielen moasten ferline jier juny al útset wurde, oars wie Thialf net mear fersekere. It gefaar sit him yn de kombinaasje mei it isolaasjemateriaal fan it dak.

Twadde opsje

Yn desimber waard der al in proef útfierd mei in nije toplaach mei brânkearende kwaliteiten. Mar Thialf sjocht no ek nei in opsje foar 'kompartimintearring.' Dat hâldt yn dat net it hiele dak ferfongen wurdt, mar dat der stroken yn it dak oanbrocht wurde dêr't oar isolaasjemateriaal yn sit. Dêrmei soe de kâns op in folsleine brân ek 'aanmerkelijk verkleind' wurde, sa skriuwt Thialf.
Direkteur Marc Winters fan Thialf © ANP
"Het voordeel van de meest recente optie van compartimentering is dat de vereiste investering daarvoor aanmerkelijk lager zal zijn dan het aanbrengen van een nieuwe, innovatieve coating," seit direkteur Marc Winters oer dizze twadde oplossing.

Rêst nedich

De ynset fan Thialf wie de lêste wiken foaral om de ferlinging fan de dekking troch de fersekerders rûn te krijen. No't dy akkoart jûn hawwe, is der neffens Thialf wer rêst.
Deputearre Sander de Rouwe hopet dat de sinnepanielen wer sa gau mooglik ynset wurde kinne. "Meikoarten is der wer simmeriis yn Thialf. Wat is dan moaier om dat iis te meitsjen mei enerzjy fan eigen sinnepanielen. No moat dy stroom noch ynkocht wurde. Mei eigen sinnepanielen op it dak is dat skande." It net brûke kinnen fan de sinnepanielen kostet Thialf seker 100.000 euro yn 't jier.
Harkje nei de reaksje fan Sander de Rouwe