Lês, sjoch en hear mear oer Omrop Fryslân radio yn it online magazine 'Alles wat der spilet'

01 jun 2021 - 13:40

Omrop Fryslân radio bringt in nij, mar ek fertroud lûd. Lês mear oer de radioprogramma's en presintatoaren yn it digitale tydskrift fan Omrop Fryslân. Wolst witte hoefolle nije jingles der yn de nije programmearring sitte? En wêr'tst Jacob Stelwagen foar wekker meitsje meist? Lês dit - en noch folle mear - yn 'Alles wat der spilet'.

Wurket it tydskrift net, klik dan hjir om it magazine yn dyn webbrowser te lêzen.

Yn dit digitale tydskrift fertelt Omrop Fryslân krekt wat mear oer de programmearring. Dêrby komme foaral presintatoaren en minsken achter de skermen oan it wurd. Want wat feroaret der foar har?

It tydskrift is ynteraktyf. Dat betsjut datst it net allinne lêze kinst, mar kinst ek filmkes besjen en fansels in pear fan de nije jingles hearre.

Foto: Omrop Fryslân

Moarns op de hichte

Fryslân fan 'e moarn begjint noch altyd om 6.00 oere, mar duorret tenei in healoere langer, oant 9.30 oere. Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar hâlde dy op de hichte fan it nijs en it waar.

Foto: Omrop Fryslân

Muzyk yn No derfoar!

Harm Weistra presintearret it programma No derfoar! (9.30-12.00 oere), in programma fol muzyk. Nei tweintich jier 'nijsman' west te hawwen, ferhuzet hy dêrmei fan de middei nei de moarn. Hoe sil hy dat ha?

Nijs tusken de middei

No yn Fryslân bliuwt fertroud mei presintatoaren Tiete Sijens en Simone Scheffer. Tusken 12.00 en 13.00 oere prate sy dy by oer it aktuele nijs fan de dei.

Foto: Omrop Fryslân

Draaie oan it prizerêd

It programma Goeiemiddei (13.00-16.00 oere) wurdt presintearre troch Diana de Groot en Johan Terpstra. In nij elemint yn it programma is it prizerêd mei spultsjes. Sa witsto as harker noait hokker spultsje oftst spylje silst. Yn it tydskrift fynst in oersjoch fan dat rêd en fertelle Diana en Johan wat se noch mear fan doel binne yn it programma fan trije oeren noflike radio.

Foto: Omrop Fryslân

Radio sit yn ús DNA

Radio sit yn it DNA fan de nije presintatoaren fan Underweis (16.00-18.00 oere) Eric Ennema en Jan Dirk de Haan. Yn it tydskrift fertelle sy oer it weromgean nei dy earste leafde en de magy fan radio. En wat we fan it nije programma ferwachtsje kinne.

Muzikale doarpsplein

Noardewyn is al jierren it muzikale doarpsplein fan Fryslân en hat in soad betsjut foar artysten en muzikanten. Ferskate muzikanten, lykas Adri de Boer en Wiebe Kaspers, fertelle yn it magazine wat Noardewyn foar harren betsjut hat. It programma is der alle wurkdagen tusken 18.00 en 19.00 oere.

Kultuer yn Op & Ut

Yn it wykein feroaret der net folle. It kultuerprogramma Op & Ut op de sneontemoarn (9.00-12.00 oere) hat tenei twa presintatoaren. Neist Douwe Heeringa is dat Roelof Lousma. Yn in fideo sjogge we wat se al wol fan elkoar witte en wat noch net, en sa leare wy se ek better kennen.

Op toernee: Simmer yn Fryslân

En we sjogge alfêst foarút nei de simmer. Ek dizze simmer lûkt Omrop Fryslân wer de doarpen, stêden en wiken yn mei Simmer yn Fryslân (fan 12 july oant en mei 3 septimber). Folgje it op radio, telefyzje en online.

(Advertinsje)
(Advertinsje)