Marrekrite hat it drokker: rekreanten fleane it wetter op yn coronatiid

01 jun 2021 - 13:13

It binne drokke tiden foar de Marrekrite, de organisaasje dy't ek ferantwurdlik is foar oanlisplakken foar de wettersport. Rûnom yn Fryslân wurdt hurd wurke oan allerhanne ûnderhâld fan lisplakken en foarsjenningen dy't dêrby hearre. It is in ferfangingsoperaasje fan jierren. En dat wylst de drokte op it wetter - just troch corona - allinne mar grutter wurden is.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It wettersportseizoen begjint op gong te kommen en de boatsjeminsken geane der wer op út. Mar Marrekrite is net allinne dwaande mei de rinnende saken.

Gigantyske operaasje

Direkteur Lourens Touwen fan Marrekrite fertelt dat it oanpakken fan de lispakken yn Fryslân in enoarme opjefte is. "We hebben een kleine 35 kilometer aan ligplaatsen hier. Een groot deel is inmiddels duurzaam vervangen. We zijn nu met de restanten bezig, maar daar zijn we de komende jaar ook nog wel mee bezig."

Dêrnei moat alles der wer goed by lizze. "Maar we zitten nog wel in een gigantische operatie. We zijn echt overal en nergens bezig. We hebben ook zo'n 300 locaties en 600 objecten in beheer."

Direkteur Lourens Touwen fan Marrekrite

Marrekrite besiket hieltyd om it wurk safolle as mooglik bûten it heechseizoen te dwaan. "We proberen er rekening mee te houden, zeker bij het aanpakken van een populaire plek. Zo hopen we dat recreanten er zo weinig mogelijk last van hebben."

PFAS-problematyk

It measte wurk ferrûn dus foarspoedich, mar Marrekrite hat wol problemen hân mei PFAS. Dat wiene skealike stoffen yn de grûn dêr't in skoft lyn in soad om te dwaan wie, om't it net brûkt wurde mocht.

Touwen: "Overal kwamen projecten stil te liggen. Daardoor konden wij grondwerk niet afmaken, want je mocht geen grond meer neerleggen. Gelukkig hebben we dat inmiddels rechtgetrokken."

Just troch corona in oplibbing

In soad sektoaren hiene it ôfrûne jier hinder troch it coronafirus. Mar de Marrekrite eins net. "Wij richten ons op varen, fietsen en wandelen. En dat waren ook in het afgelopen jaar zaken die mensen nog op een redelijke manier konden doen."

Marrekrite hat der just mear rekreanten by krigen. "Dat geldt ook voor onze wandel- en fietsknooppunten. We merken dat er veel meer wordt gewandeld. Maar op alle drie disciplines is het toegenomen. Onze Marrekrite-wimpel verkoopt beter dan het jaar ervoor. Er zijn dus meer instappers."

Lisplakken op it eilân Tsjûkepôle yn de Tsjûkemar - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Knine-eilân

In projekt dêr't Trouwen grutsk op is, spilet him ôf yn De Fluezen. It giet om de Langehoekspôle, ek bekend as it Knine-eilân. "De echte watersporters zullen het wel kennen. Daar ronden we deze week een project af. We hebben daar een doorgraving door het eiland gerealiseerd, waardoor er een groot en een klein eiland zijn ontstaan. Verder zijn er een strand en een uitkijkbult aangelegd en alle oude damwanden zijn vervangen."

De trochgraving soarget derfoar dat de fargeul net mear tichtsliket mei sân. "Mensen met grote schepen konden er niet meer langs. Men zal verbijsterd zijn wat daar is gebeurd in het afgelopen jaar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)