GGD Fryslân ûntslacht meiwurker dy't priveegegevens filme en dielde

01 jun 2021 - 12:10

GGD Fryslân hat in meiwurker ûntslein nei't bliken die dat er priveegegevens fan sân minsken út it systeem filme en publisearre hat op Snapchat. In wike lyn kaam it lek oan it ljocht by de Autoriteit Persoonsgegevens. De gegevens hawwe mar koart online stien, seit de GGD.

Veiligheidsregio Fryslân, dêr't de GGD ûnder falt - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens GGD Fryslân hat útwiisd dat de gegevens net ferhannele binne. Alle belutsen minsken binne yntusken op de hichte steld. Neffens de GGD hawwe 30 minsken de gegevens sjoen fia Snapchat.

Utstjoerkrêft op faksinaasjes

De meiwurker wie oan it wurk foar GGD Fryslân fia in útstjoerburo. Hy die wurk oangeande de faksinaasjes. De gegevens dy't op Snapchat stiene, wiene de namme, it geslacht en de planningsstatus fan de sân persoanen.

Nei't it bekend waard, is it GGD-account fan de meiwurker fuortendaalks blokkearre. De persoan is nei ûndersyk ûntslein.

Trefwurden: 
privacy GGD Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)