Tal coronapasjinten yn Fryske sikehûzen sakket fierder

It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen is fierder sakke. It binne der op it stuit 32. Ofrûne freed wienen dat noch 40. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland.
In oersjoch fan it tal besette bêden yn de Fryske sikehûzen (docht de grafyk it net goed, klik dan hjir):
Fan de 42 coronapasjinten dy't no yn de Fryske sikehûzen lizze, lizze der 17 op de intensive care. Dat is ien minder as ôfrûne freed.
Op de oare ôfdielingen giet de delgong hurder: dêr giet it fan 22 nei 15.
Yn de trije noardlike provinsjes lizze yn totaal 70 coronapasjinten yn de sikehûzen. Fan harren komme 13 út oare regio's.