Sipke Hulshoff wurdt trainer fan Feyenoord ûnder 21

01 jun 2021 - 11:31

Sipke Hulshoff is de nije trainer fan Feyenoord ûnder 21. Hulshoff wie de lêste twa jier aktyf as de rjochterhân fan Wim Jonk by FC Volendam. De 46-jierrige Twizeler is de opfolger fan Rini Coolen op Varkenoord.

Sipke Hulshoff oan it wurk by FC Volendam - Foto: Orange Pictures

"Foar my wienen der twa redenen om foar Feyenoord te kiezen", seit Hulshoff. "Om te begjinnen is Feyenoord in topklup en dêrom is dit in prachtich aventoer. Dêrnjonken sjoch ik út om wer gear te wurkjen mei Arne Slot."

Hulshoff wie earder jeugdtrainer by Cambuur en Grins. By de Ljouwerters waard Hulshoff letter assistint-trainer. Doe wurke er ek al mei Arne Slot, dy't takom jier de nije haadtrainer fan Feyenoord is. Yn 2016 wienen Hulshoff en Slot sels in skoftke tegearre haadtrainer by Cambuur, nei't Rob Maas ûntslein waard.

Al lang mei jonge talinten oan it wurk

Technysk direkteur Frank Arnesen is bliid dat Hulshoff kiest foar Feyenoord. "Sipke werkt al ruim twintig jaar als trainer in het betaald voetbal en heeft een aanzienlijk deel van zijn carrière met jonge talenten gewerkt."

Neffens Arnesen moat Hulshoff mei de talintfolle groep spilers derfoar soargje dat Feyenoord ûnder 21 sa gau as mooglik yn de earste difyzje spilet "Daar zo snel mogelijk in terecht komen is en blijft het doel voor onze beloften."

Net allinnich Feyenoord woe Hulshoff ha: ek PEC Zwolle hie ynteresse. Dêr koe er assistint-trainer wurde. En Hulshoff hie ek by Volendam bliuwe kind, dêr't er noch in jier ûnder kontrakt stie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)