Ien oanhâlding nei grutte fjochtpartij yn Ljouwerter Prinsetún

01 jun 2021 - 11:05

De plysje hat in man fan 24 jier út Ljouwert oanholden op fertinking fan in mishanneling yn de Prinsetún.

De Prinsetún earder dit jier - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De plysje hie in melding binnen krigen fan in grutte fjochtpartij yn de Prinsetún. Dêrby soenen tweintich minsken belutsen wêzen.

Ien fan de minsken hat oanjefte dien fan mishanneling. De plysje siket noch tsjûgen fan de fjochtpartij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)