Tekstylfersoargers lizze aksje stil nei better cao-foarstel wurkjouwers

01 jun 2021 - 10:49

Fakbûn FNV leit de wurkûnderbrekkingen by yndustriële waskerijen foarearst stil. De wurkjouwers yn de brânsj binne mei in better foarstel kaam foar in nije cao.

Aksje by CWS yn Drachten - Foto: FNV

Under oare by tekstylfersoarger CWS yn Drachten is aksjefierd foar in bettere cao. De lytse 30 sjauffeurs dy't by it logistyk sintrum wurkje, wolle struktureel in heger lean en bettere pensjoenôfspraken.

It nije foarstel fan de wurkjouwers is goed genôch om oan de leden foar te lizzen, fynt FNV-bestjoerder Dino Djulbic.

Regeling foar swier wurk en âldere meiwurkers

Under de cao Textielverzorging falle sa'n 7.000 minsken. Njonken in heger lean, woe de FNV ek in regeling foar swier wurk swart op wyt ha. En foar âldere meiwurkers moat it mooglik wêze om earder op te hâlden mei it wurk.

Neffens de wurkjouwers wie de ympakt fan de coronakrisis op de brânsj de grutste tûkelteam. Guon bedriuwen wienen swier troffen en koenen dêrom net mei alle easken fan de fakbûnen ynstimme.

2 prosint leansferheging

Yn it nije foarstel, dat wurkjouwersorganisaasjes FTN en NETEX omskriuwe as in resultaat fan de ûnderhannelingen, stiet dat personiel 2 prosint leansferheging temjitte sjen kin yn in cao dy't achttjin moannen jildt. Fierder is der ûnder oare in regeling foar âldere meiwurkers.

Trefwurden: 
Drachten FNV CAO CWS
(Advertinsje)
(Advertinsje)