Eask fan tsien jier sel foar haadfertochte yn saak wapenhannel Easterwâlde

01 jun 2021 - 17:09

It Iepenbier Ministearje hat tiisdeitemiddei swiere straffen easke yn de grutte wapenhannelsaak fan Easterwâlde. Der waarden straffen oant tsien jier sel easke. De heechste eask wie foar de 35-jierrige man út Easterwâlde dy't sjoen wurdt as it brein fan de ynternasjonale binde.

It Iepenbier Ministearje kaam fannemiddei mei har eask:

Yn totaal stiene tolve fan de fjirtjin fertochten yn de grutte drugs- en wapenhannelsaak, dy't hannelen fanút Easterwâlde, tiisdei foar de rjochter. It giet om de saak mei de namme Ultegra. De measte leden fan de organisaasje moatte lang de sel yn, sa fynt it Iepenbier Ministearje.

Ien fan de fertochten is der tiisdei net by. It giet om de rjochterhân fan de haadfertochte. Dy soe tiisdeitemoarn fan de finzenis nei de rjochtbank brocht wurde, mar dat transport wie net goed regele. Hy heart dêrom woansdei syn eask pas. Fan tongersdei ôf dogge de advokaten fan de fertochten har ferhaal.

De kringloopwinkel yn Easterwâlde is neffens justysje it haadkantoar fan de binde, dy't ynternasjonaal operearre. De fertochten binne ferline jier febrewaris oppakt. De plysje die doe santjin ynfallen op ferskate plakken. Dêrby waarden fjirtjin fertochten oppakt, fan wa't der noch trije fêst sitte. De oaren mochten it proses yn frijheid ôfwachtsje.

Haadfertochte ûntkent

De haadfertochte is in man fan 35 jier út Easterwâlde. Hy ûntkende ferline wike dat er in rol spile yn de saak. "Ik had niets te maken met wapens, het enige wat ik gedaan heb is bemiddelen", sei er.

De groep wurdt fertocht fan alderhande feiten, lykas wapenhannel, fraude, oplichting, fertsjustering. De haadfertochte wurdt ek minskehannel ferwiten, omdat er minsken om him hinne útrûpele.

Neffens justysje wie de haadfertochte bindelieder: hy twong respekt ôf troch geweld te brûken. De man wurke earste út syn eigen hûs wei, mar fan 2019 ôf yn de kringloopwinkel. De binde brûkte geheimtaal foar wapens: in hângranaat wie bygelyks in 'appel'.

Wat is de saak-Ultegra?

De saak-Ultegra giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.

Op 1 juny komt it Iepenbier Ministearje mei in eask. De útspraak sil wêze op 29 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)